Omrop Fryslân: Wurkgroep Twirre set minsken oan mear te dwaan foar it miljeu

Seis minsken dy’t al drok dwaande binne mei duorsume projekten en mear as hûndert minsken dy’t eins wol mear foar it miljeu dwaan wolle. Dat wie it resept foar de gearkomste yn de Teätertsjerke yn Nes, woansdeitejûn. Wurkgroep Twirre organisearre de jûn om mear minsken te belûken by it duorsumer libjen.